Zondag 7 november 2021
Aanvang 15.00 uur

Entree = Gratis
VOL=VOL!

Sjoerd Bottema & Jaap Louwes
‘De Grize oer de Grouwe’

Sjoerd Bottema en Jaap Louwes trede 7 novimber a.s. tegearre op mei in programma oer duvelske folksferhalen en moaie muzyk. Yn 2020 ferskynde fan Sjoerd Bottema de ferhalenbondel: De grize oer de grouwe  – duvelske streken.

‘Goeie ferhalen meie altyd wer op ’e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.’

Sjoerd Bottema sil wat fragminten út syn boek foarlêze en Jaap Louwes spilet en sjongt ynliedend of oanslutend op de fragminten.

Nûmers as Riding along in my automobile (Chuck Berry) en De Boalstermerke komme û.o. oan bod.

It belooft in hiel leuk programma te wurden fan ûngefear in oere. Dêrnei is der noch in noflike gearsit. Dr is ek in priuwerij fân Tsjerkebier. De tagong is fegees.

Show Buttons
Hide Buttons